Nij Saailân offisjeel iepen

30 sep 2012 - 00:20

Sa'n 13.000 minsken binne sneontejûn ôfkaam op de iepening fan it nije Saailân yn Ljouwert. It wie sa drok dat de plysje healwei de jûn minsken de tagong wegerje moast.

Mei in koarte taspraak iepene boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert it plein. Dêrnei naam it Kyteman Orchestra it oer en sette de minskemassa op it Saailân yn beweging. De jûn waard ôfsletten mei in lasershow. Deryn waard stilstien by de skiednis fan it Saailân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)