ONS beslút dreamwike mei winst

29 sep 2012 - 17:05

ONS Boso Snits hat sneon mei 6-2 wûn fan NSC. De Snitsers kamen al betiid yn de wedstriid op foarsprong. Fanút in frije traap fan Martijn Roosenburg kopte ferdigener Ale de Boer de 1-0 binnen. Dêrnei tekene Roosenburg sels foar de twadde treffer. Mark de Vries en Patrick Goedhart ferrommen de foarsprong nei 4-0.

Yn de twadde helte wist NSC wat werom te dwaan. Nei in treffer fan de gasten, wie it Goedhart dy't mei in eigen doelpunt foar de 4-2 soarge. Sandor van der Heide en Curty Gonzales herstelden lykwols de marzje fan 4 punten.

Nei in geweldige fuotbalwike wêryn't ONS de tredde ronde yn de KNVB-beker helle en dêryn tsjinstanner Ajax lotte, dogge de Snitsers ek yn de haadklasse C poerbêste saken. Troch de winst klimt ONS nei in dield earste plak. Koprinner Flevo Boys ferspile djoere punten troch mei 4-1 te ferliezen fan SVZW.

Trefwurden: 
fuotbal ONS haadklasse c
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)