Knegt neist poadium op 1500 m.

Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Shorttracker Sjinkie Knegt is sneon neist it poadium einige op de 1500 meter fan de KPN Invitation Cup op It Hearrenfean. Yn de finalerace like de shorttracker fan Bantegea lang op in medalje ôf te gean. In ynhelaksje fan ploechgenoat Niels Kerstholt smiet lykwols roet yn it iten. Knegt waard hindere, wêrtroch't er in goede útslach ferjitte koe.
De winst wie foar Freek van der Wart. De Brit Jack Whelbourne waard twadde, folge troch de Hongaar Viktor Knoch.