Dronken man leit op 'e dyk

Alkohol © Omrop Fryslân
De plysje hat freedtemoarn yn Snits in 24-jierrige man sûnder fêst wenplak oanhâlden. Plysjes seagen him yn de Marktstrjitte dronken op 'e dyk lizzen. Doe't se de man oansprutsen, waard er lilk.
De man woe him net legitimearje en fersette him tsjin de oanhâlding. Neffens de plysje koe de man allinnich mei geweld yn de boeien slein wurde. Hy is fêstset op it buro. De man kriget trije fikse boetes.