Munten fan botsauto stellen

29 sep 2012 - 14:19

Op de merke yn Surhústerfean binne yn de nacht fan tongersdei op freed in grut tal botsautomunten stellen út in frachtwein. Eigener Herman van Kammen fan 'e attraksje út Burgum hat oanjefte dien. Ien jonge hat him yntusken melden by de Burgumer mei in grut tal munten, mar de eigener mist noch sawat tûzen munten.

De ynbraak wie foar de merkeman út Burgum oanlieding de attraksje ôf te brekken en fuort te gean. De plysje docht ûndersyk nei de munten dy't noch net boppe wetter binne.

Surhústerfean moat it no net allinnich dwaan sûnder botsauto's, mar de merkeman hat ek syn sweef en draaimûne ôfbrutsen. Yde van Kammen, de heit fan Herman van Kammen, seit dat it gjin doel hie om te bliuwen, omdat der noch hieltyd in protte stellen munten wei binne. Syn soan soe de ritsjes mei de botsauto's dan kado dwaan moatte. De skea wurdt rûsd op in pear tûzen euro.

Neffens Yde van Kammen stiet de fernielerij en stellerij yn Surhústerfean net op himsels. Ferline wike noch waarden 36 kostbere sparlampen fan de sweef fernield op de merke yn Haskerdiken. Allinnich mei permaninte bewaking is soks foar te kommen. Van Kammen soe dan nachts hiel ticht by de attraksjes sliepe moatte.

Van Kammen seit dat er yn alle gefallen net wer nei de merke fan Surhústerfean wol, al hoe sneu dat ek is foar alle minsken dy't gjin kwea yn 't sin hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)