3-3 lykspul foar H'feanfroulju

29 sep 2012 - 13:06

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean hawwe freed in 3-3 lykspul út it fjoer sleept tsjin FC Utrecht. De Feanfroulju kamen krekt foar it skoft op in 1-0 efterstân. Yn de twadde helte makke Wendy Mulder de lykmakker. Dêrnei wie it Tiny Hoekstra dy't Hearrenfean op foarsprong sette. Mei noch 10 minuten op 'e klok foel de lykmakker.

Yn in spannende slotfaze like Utrecht op de winst ôf te gean nei in benutte penalty yn de 87e minút. Mei noch 1 minút te gean wie it Marieke de Boer dy't ek fan 11 meter de lykmakker op it boerd sette.

De Hearrenfeanfroulju steane mei 2 punten út 5 wedstriden op it 7e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)