App tsjin útgeansgeweld

Gemeenten yn Noardeast-Fryslân wolle mei in nij app jongerein oan it tinken sette oer geweld. Seis gemeenten en de plysje hawwe it spultsje foar de mobile telefoan ûntwikkelje litten.
De nije app hjit 'Hoe is it no mei de holle?' Hy is ûnderdiel fan it antygeweldprojekt fan de seis gemeenten en de plysje. Dy wolle de jeugd bewust wurdt fan it feit dat geweld yn it útgeanslibben en tsjin helpferlieners der fier by troch is.