Spoedebat grûnoankeap easke

29 sep 2012 - 11:49

De PVV easket in spoeddebat oer it rapport fan de Noardlike Rekkenkeamer oer de grûnoankeapen fan de provinsje. It rapport wurdt moandei offisjeel presentearre, mar Omrop Fryslân berjochte der freed al oer.

Yn it rapport komt in byld nei foaren fan in provinsje dy't fiersten te folle betellet foar de grûn en ek nochris te folle grûn oankeapet foar de oanlis fan diken. Ien fan dy diken is de Sintrale As. Der wurdt boppedat praat oer steatsstipe oan boeren dy't útkocht binne. De PVV hat no in spoeddebat oanfrege. De VVD stipet it fersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)