Provinsje: grûn te djoer kocht

28 sep 2012 - 16:58

De provinsje hat fjouwer jier lang fierstente folle jild betelle foar grûnoankeapen. Yn dy tiid waard der in soad grûn oankocht, ûnder oare foar de Heak om Ljouwert en de Sintrale As. Der is boppedat folle mear grûn kocht as nedich. Dat skriuwt de Noardlike Rekkenkeamer yn in rapport oer de grûnoankeap yn Fryslân tusken 2007 en 2011.

It rapport is yn it besit fan Omrop Fryslân. It wurdt moandei offisjeel presentearre. De Rekkenkeamer fynt dat de steaten net goed ynformearre binne oer de finansjele risiko's

Boeren hawwe fierders ûnterjochte skeafergoedings krigen. Dat is net sûnder risiko, om't it liket op steatsstipe fan de provinsje. De konklúzjes wurde net ûnderskreaun troch it kolleezje fan deputearre steaten. It kolleezje tinkt dat de oankeap fan ekstra grûn yn de takomst foardiel opsmite sil. Wol sil de provinsje ûndersyk dwaan nei mooglik foardiel dat boeren krigen hawwe om't se tefolle jild krigen foar de grûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)