Kast presintearret nije cd

28 sep 2012 - 16:01

De Kast hat freed by Omrop Fryslân de nijste cd fan 'e band presintearre. It is de earste folslein Frysktalige cd fan 'e band. Der stean nije nûmers op en in tal âlde súksesnûmers dy't opnij opnaam binne.

De cd-presintaasje wie yn it radioprogramma Noardewyn mei Willem de Vries. Syb van der Ploeg en Sytse Broersma wiene yn 'e studio om oer de nije cd te praten. In pear nûmers wiene op cd te hearren yn Noardewyn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)