Ynternet net altyd feilich

28 sep 2012 - 15:51

Ien op de fiif jongeren kriget op ynternet wolris fragen of opmerkings fan seksuele aard. Seis prosint hat der ek echt lêst fan. Dat docht bliken út ûndersyk fan Joyce Kerstens, lektor Cybersafety oan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. De ynformaasje is basearre op gegevens fan 6300 jongeren.

Ut it ûndersyk docht ek bliken dat it byld dat benammen âldere manlju op ynternet achter jongerein oansitte net doocht. De measte kontakten binne fierwei tusken jongeren fan likense âldens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)