'Kabinet PvdA-VVD komt der'

28 sep 2012 - 15:40

Mear as trijefjirde fan de Friezen ferwachtet dat der in kabinet komt fan VVD en PvdA. Dat docht bliken út ûndersyk ûnder in panel fan Omrop Fryslân en Een Vandaag.

De Friezen ferwachtsje dat der binnen acht wike tiid in nij kabinet is. Fan de Friezen tinkt 16 prosint dat de ûnderhannelings mislearje. Dêrmei binne se it minst pessimistysk fan alle ynwenners fan Nederlân. Mear as de helte fan de Friezen hat der betrouwen yn dat it kabinet de ekonomyske krisis oplosse sil.

In lytse mearderheid is derfoar dat Jan Kees de Jager oanbliuwt as minister fan finânsjes. Dat mei ek as it CDA net yn it kabinet komt.

Trefwurden: 
PvdA VVD EenVandaag kabinet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)