Mem pakt foar ûntfiering bern

28 sep 2012 - 12:35
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

In frou út Fryslân is yn Spanje oanhâlden, omdat se har twa bern fan 3 en 6 jier nei dat lân ûntfierd hawwe soe. De bern stiene ûnder tafersjoch fan Jeugdsoarch. De mem hie se troch se mei te nimmen ûntlutsen oan it wetlik gesach.

De frou is oppakt nei't se yn Marbella in ferkearsoertreding makke hie. De plysje ûntduts doe dat der in ynternasjonaal opspoaringsbefel dy't har útfurdige wie. De frou en de bern binne alwer werom yn Nederlân. De frou sit noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)