Jonge pisset tsjin plysje-auto

Plysje © ANP XTRA
De plysje hat tongersdeitenacht yn Snits in jonge fan 16 jier út Twellingea oanhâlden, omdat er tsjin in plysje-auto oanpisse hie. De plysjes wiene op in melding yn de Napjusstrjitte ôfkaam. Doe't se weromkamen by de auto, seagen se dat de jonge fan syn fyts ôfstapte en dat er tsjin de sydkant fan de auto oan pisse. Hy flibe ek noch op 'e ruten.
De jonge is meinaam nei it buro. Hy is mei in proses-ferbaal wer nei hûs stjoerd.