Kearmuorre Harns yn gebrûk

© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De nije kearmuorre fan Harns is tongersdeitejûn feestlik yn gebrûk nommen mei in kuierevenemint, de Droge Voetenloop. Dêrneist wie der muzyk fan de Skúmkoppen en de Stedelijke Muziekvereniging.
It wurk oan de kearmuorre hat sa'n fjouwer jier duorre. Sawol de suder- as de noarderpier binne oanpakt en der is in nije kearmuorre makke. As lêste binne der leunings oanbrocht op de kuierpromenade, sadat kuierders feilich oer de kearmuorre rinne kinne.