Dockinga Ferwert gau ferhúzje

27 sep 2012 - 21:32

It Dockingacollege yn Ferwert moat binnen fjouwer jier ferhúzje nei in nije lokaasje yn it doarp. Dat docht bliken út in ûnôfhinklik ûndersyk yn opdracht fan de gemeente. It gebou dêr't se no yn sitte is al ôfskreaun en foldocht net mear oan de easken. Neffens ûndersyksburo ICS Adviseurs soe in nije, en lytsere skoalle boud wurde moatte by de sporthal.

De kosten wurde rûsd tusken de 1,2 en 2,6 miljoen euro. It opknappen fan it âlde gebou soe gjin opsje mear weze. De gemeenteried moat der noch in beslút oer nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)