Twifel oer stoarnis Sietske H.

27 sep 2012 - 21:00

Sietske H. fan Nij Beets hat wol deeglik har trije lêste poppen mei in foaropset plan om it libben brocht. Dat tinkt it iepenbier ministearje. Dat hat yn it heger berop yn de saak wol de eask oanpast, nei fjouwer jier selstraf en TBS mei twangferpleging.

Yn de heger beropssaak kaam nei foaren dat Sietske H. in harsenôfwiking hat, polymicrogyrie. Dat betsjut dat se net planne kin en gjin noarmbesef en selsrefleksje hat. Dat soe har hanneljen ferklearje kinne, mar it iepenbier ministearje is dêr net fan oertsjûge.

Ek neffens ûntwikkelingspsycholooch Gerrit Breeuwsma is it noch mar de fraach yn hoefier dizze stoarnis de oarsaak is fan har dieden. It Hôf docht oer twa wiken útspraak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)