Slim ûngelok by De Jouwer

27 sep 2012 - 19:05

By in ûngelok op de A7 tusken de ôfslach De Jouwer-West en de rotonde binne tongersdeitejûn fjouwer minsken ferwûne rekke. By de oanriding wiene fjouwer auto's en in motor belutsen. De slachtoffers binne mei ambulânses nei ferskillende sikehuzen brocht.

Der waarden twa rydbanen ôfsletten, mar it ferkear koe fia de flechtstrook it ûngelok passeare. De plysje ûndersiket de oarsaak fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)