Maatskiplike staazjes

27 sep 2012 - 17:22

Sawat 100 learlingen fan middelbere skoallen binne tongersdei yn de kunde kommen mei maatskiplike staazjes. Op de jierlikse frijwilligersbeurs yn de Harmonie yn Ljouwert wiene 69 kreammen, sa as de brânwacht, it reade krús en it diere-asyl.

It wie dit jier foar it earst dat it Vrijwilligersservicepunt middelbere skoalle learlingen útnoege hat. De jongeren moasten ferplicht sa'n staazje dwaan. De beurs is dêrom in geskikte dei om kennis te meitsje mei mooglike staazjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)