Eask Sietske: 4 jier sel + TBS

Tsjin Sietske H. is yn heger berop 4 jier en TBS mei twangferpleging easke. De rjochtbank feroardiele Sietske H. earder ta tolve jier selstraf. Doe woe se net meiwurkje oan in psychologysk ûndersyk, no wol. Dêrút is nei foaren kommen dat se polymicrogyry hat, in harsenôfwiking. Minsken mei dy ôfwiking kinne net goed planne, hawwe gjin noarmbesef en selsrefleksje. Sietske H hat tusken 2003 en 2009 har fjouwer poppen om it libben brocht en bewarre de lykjes yn koffers op souder.