Siler omkaam op Iselmar

27 sep 2012 - 15:01

Op de Iselmar is tongersdei in 60-jierrige siler út Leiden om it libben kaam. Hy die mei oan in solo-sylrace op de mar. In tsjûge hie sjoen dat by it monumint op de Ofslútdyk in sylboat fear sûnder minsken oan board. Alarmearre helptsjinsten fûnen it slachtoffer neist it jacht. De wetterplysje tinkt dat de siler it slachtoffer wurden is fan in needlottich ûngemak. It lichem fan de man is oerbrocht nei Den Oever.

Trefwurden: 
siler Iselmar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)