2 stedsperformers yn Ljouwert

27 sep 2012 - 11:56

Ljouwert krijt mar leafst twa stedsperformers. It binne Jacco de Boer en Daan Levy. Sy wolle as producers besykje ferhalen op te dwaan en dy fierder út te wurkjen. Dy ferhalen moatte in multymediale kettingreaksje feroorsaakje. Sa kin in ferhaal útwurke wurde ta in muzykstik dêr't dan wer in fideoklip fan makke wurdt. It is de bedoeling sa de kommende twa jier tal fan eveneminten te organisearjen. Der bliuwe 13 ferhalen oer dy't letter bondele wurde yn in boek.

Jacco de Boer is wurksum bij de Noordelijke Dagbladcombinatie en Daan Levy is foaral bekend wurden ûnder syn artystenamme DAAN, De Altijd Aparte Nederlander. De twa folgje Marten Winters as stedsperformer op. It is de earste kear dat Ljouwert kiest foar in duo foar dizze baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)