Jonges helje kollektebus leech

27 sep 2012 - 10:27

Trije jonges út Himmelum en Balk hawwe woansdeitejûn de kollektebus fan it Russysk Ortodokske kleaster leechhelle. In tsjûge seach de trije jonges fan 13 en 14 jier fuortrinnen en ûntduts dat de kollektebus yn it kleaster fernield wie. In de tún waard in 13-jierrige jonge út Himmelum fûn, dy't tajoech dat er mei syn maten it jild út de bus helle hie. De oare twa waarden letter op de jûn oanhâlden.

Trefwurden: 
Balk kollektebus Himmelum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)