Gjin misdriuw by dea poppe

© Omrop Fryslân
It trije moanne âlde famke dat woansdeitemiddei ferstoarn is yn de Wagnerstrjitte yn Ljouwert, is net ferstoarn as gefolch fan in misdriuw. Plysje en ambulânse rukten woansdei út neidat alarm slein wie troch de 22-jierrige mem. Besocht waard noch te reanimearjen mar dat helle neat mear út. De plysje ûndersiket de dea fan de poppe omdat dat moat by alle stjergefallen by bern ûnder de twa jier, mar út ûndersyk hat bliken dien dat it net om in misdriuw giet.