Salarissifers Elkien doge net

27 sep 2012 - 09:47
  • Elkien

Direkteur Alex Bonnema fan Elkien fertsjinnet gjin heal miljoen yn it jier. Dat lit de wenningboukorporaasje witte yn reaksje op sifers fan de NOS oer de beleanning fan korporaasjebazen. Elkien stiet boppe oan de list mei de direkteursleanen, rekkene oer it jier 2010. Yn dat jier hie Elkien neist Bonnema, noch in twadde bestjoerder: Fred de Groot. Yn datselde jier gie De Groot ek by Elkien wei.

Neffens Elkien bestiet it bedrach fan 519.000 út it lean fan beide manlju plus de ôfkeapsom foar De Groot.

Direkteur Alex Bonnema fertsjinnet 186.300 euro. dat bedrach sit ûnder de Balkenende-noarm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)