Ek gjin fragen fan Westereners

Mar in hânfol Westereners is woansdei ôfkommen op de ynformaasjegearkomste oer it DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra. Krekt as yn Kollum en Bûtenpost praten de plysje en it Iepenbier Ministearje mei de minsken oer it DNA-ûndersyk. Der binne mear as 8000 manlju oproppen.
Ek yn Kollum en Bûtenpost kamen mar in pear minsken. Neffes Jan Wagenaar, foarsitter fan doarpsbelang, witte de minsken alles al. Der wurdt yn it doarp in soad oer it ûndersyk praat en de minsken wolle dat de moard oplost wurdt.