Arriva keapet 275 nije bussen

27 sep 2012 - 08:03

Ferfiersbedriuw Arriva bestelt 275 nije bussen by bussebouwer VDL op It Hearrenfean. Tongersdei is de oarder fan mear as 100 miljoen euro ûndertekene troch de direkteuren fan beide bedriuwen. Arriva nimt yn desimber it provinsjaal busferfier oer fan Connexxion. Dêrfoar sille de nije bussen brûkt wurde, mar ek foar it ferfier yn Súd-Hollân, dat ek yn hannen is fan Arriva. Arriva hat it busferfier yn Fryslân foar de kommende acht jier gund krigen fan de provinsje.

Trefwurden: 
Arriva VDL oarder bussen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)