Biosensor spoart sykten op

26 sep 2012 - 21:10

Sykten kinne earder opspoard wurde mei in saneamde 'biosensor', in test-apparaat foar urinemonsters. Urine hoecht dan net earst nei it laboratoarium brocht te wurden, de pasjint hoecht net lang op de útslach te wachtsjen en de diagnoaze kin flugger steld wurde.
Fiif partners dogge mei yn de ûntwikkeling fan de biosensor. Trije bedriuwen, plus de NHL hegeskoalle en de húsdokterpraktyk Trynwâlden. De provinsje stelt goed 176 tûzen euro beskikber foar it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)