Famkes Harkema lestich fallen

Op 'e Harkema ha twa famkes oanjefte dien omdat se lestich fallen binne troch twa jonges. Dat barde ôfrûne sneintemiddei op de Fûgelkamp, op in paad njonken de fuotbalfjilden. Op dat stuit wie krekt in fuotbalwedstryd ôfrûn en rûnen in protte minsken oer it paad.
De plysje is op syk nei de twa jonges - beide wiene se op 'e fyts - en nei minsken dy't oare ynformaasje hawwe oer dizze saak.
De plysje is te berikken op nûmer 0900-8844. As jo anonym bliuwe wolle, dan kinne jo belje mei Meld Misdaad Anoniem, telefoannûmer 0800-7000.