Streupers op dievepaad

26 sep 2012 - 17:02

By Tytsjerk binne tiisdei twa manlju oanhâlden troch de plysje foar it stellen fan in bûtenboardmotor. Opmerklik is dat it duo in wike lyn op de Tsjûkemar trappearre is op fiskstreuperij. De plysje seach yn it buske fan de manlju ek allegear apparatuer dy't brûkt wurde kin by elektrofiskjen. De netten wiene noch wiet, mar der is gjin fisk fûn. Dêrom wurdt it dreech om fiskstreuperij te bewizen. It giet om in Burgumer (45) en ien (49) sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Se sitte noch fêst. De boat en motor binne ynnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)