PvdA:noed oer jild A'karspelen

26 sep 2012 - 16:41

De PvdA yn Achtkarspelen liedt de needklok oer de finansjele posysje fan de gemeente. De partij wol in spoeddebat oer de kwestje. Direkte oanlieding is in nij tekoart fan 1,3 miljoen euro dat se net oankommen seagen. Neffens de partij hat it kolleezje de gemeenterie ferkeard ynformearre en binne de sifers dy't se krije net te fertrouwen. De reserves reitsje op en de PvdA benaud dat de gemeente oer in tal jierren ûnder tafersjoch komt te stean.

Trefwurden: 
Achtkarspelen PvdA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)