Deade poppe yn Ljouwert

26 sep 2012 - 14:43

De plysje docht woansdeitemiddei ûndersyk nei de dea fan in lytse poppe fan trije moannen yn de Wagnerstrjitte yn Ljouwert. De plysje hat de omjouwing fan de wente ôfsletten. It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan de dea fan de lytse poppe is. De plysje is ek by in mooglike natuerlike dea ferplicht it ûndersyk te dwaan. Dat bart by alle bern dy't ûnder de twa jier âld ferstjerre.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje deade poppe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)