Kursus foar fytsers op e-bike

Fytse op in elektryske fyts wurdt hieltyd populêrder ûnder âlderen. Mei de e-bike kinne minsken hurder as in gewoane fyts en dat kin risiko's mei him meibringe. Yn Burgum hat de gemeente Tytsjerkstradiel yn gearwurking mei it fytsersbûn in kursusdei organisearre. It doel fan de dei is dat de e-bikers nei de kursus bewuster en feiliger oan it ferkear dielnimme kinne.