FNP yn noed oer ferdwinen wurk

26 sep 2012 - 12:01

De FNP stelt steatefragen oer it ferdwinen fan wurkgelegenheid by justysje yn Ljouwert. De partij seit dat op de nije gerjochtlike kaart fan Nederlân te sjen is dat in grut tal funksjes ferdwynt nei de nije justysjehaadstêd Arnhim. De FNP stelt dat de noardlike lobby om de negative effekten te beheinen feitlik mislearre is. Mei de ferhuzing fan taken rekket Ljouwert heechweardige wurkgelegenheid kwyt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)