Tadema freget fallisemint oan

26 sep 2012 - 11:04

Boubedriuw Tadema út Ljouwert hat it fallisemint oanfrege. Goed 60 meiwurkers sil har baan ferlieze at it fallisemint ek werklik útsprutsen wurdt. Neffens direkteur Hans Tadema hat it boubedriuw op it stuit te min jild yn kas. Ek duorre it te lang foardat it bedriuw tastimming fan it UWV krige om in reorganisaasje út te fieren. Tadema stelt dat it boubedriuw yn Ljouwert te grut wie foar lytse opdrachten en te lyts foar grutte wurken. De festiging fan Tadema yn Grins bliuwt wol bestean. Dêr wurkje 52 minsken yn fêste tsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)