Boarnsterhim finansjeel sûn

26 sep 2012 - 10:14
  • Logo gemeente Boarnsterhim

Boarnsterhim is finansjeel wer sûn. At de gemeente selsstannich bliuwe soe, hie it de kommende fjouwer jier struktureel jild oerhâlden. Dat docht bliken út de mearjierrebegrutting. De gemeente stie de ôfrûne jierren ûnder finansjeel tafersjoch fan it ryk fanwege grutte finansjele problemen. De lêste jierren is it negative saldo fan 60 miljoen euro folslein fuortwurke.

De ûnreplik guod belesting foar bedriuwen giet takom jier omheech mei sa'n 40 prosint. Dat is in eask fan it ryk en needsaaklik om de tariven gelyk te krijen mei de gemeenten dêr't Boarnsterhim yn 2014 yn opgean sil. Boarnsterhim giet op yn de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en Súdwest Fryslân.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)