Pear fragen Vaatstra-ûndersyk

25 sep 2012 - 22:35

Der wie tiisdeitejûn in opfallend lege opkomst by de earste ynformaasjebyienkomst oer it DNA-ûndersyk yn de saak Vaatstra. Plysje en iepenbier ministearje joegen yn de gemeentehûzen yn Kollum en Bûtenpost ynformaasje oan minsken dy't oproppen binne foar it DNA-ûndersyk.

Der binne mear as 8000 mannen oproppen. Dochs kaamen der mar 5 minsken mei fragen nei it gemeentehûs yn Kollum. Dy wiene wol tefreden oer de antwurden dy't se krigen fan plysje en iepenbier ministearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)