Frachtwein klem ûnder fiadukt

25 sep 2012 - 16:51
  • Under dit fiadukt hat alris earder in frachtwein fêst sitten

In frachtwein is tiisdeitemiddei klem komme te sitten ûnder it fiadukt Galama by Akkrum. De sjauffeur hie de hichte ferkeard ynskatten en kaam mei syn bak, dêr't plaatmateriaal yn lei, fêst te sitten. De bak rekke swier skansearre en de frachtwein koe net fierder ride.

In bergingsbedriuw hat de foarbannen leechrinne litten om de kombinaasje wer los te krijen. It is net foar it earst dat der in frachtwein fêstrekket ûnder it fiadukt bij Akkrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)