Gjin nij poppoadium Ljouwert

25 sep 2012 - 16:31

Der komt foarearst noch gjin nij poppoadium yn Ljouwert. De gemeenteried woe moandeitejûn gjin beslút nimme omdat der noch tefolle finansjele ûndúdlikheden binne. De fraach is ek oft sa'n nij poppoadium wol nedich is.

It nije poadium soe komme moatte yn it Harmoniekertier, yn it fertutearze gebiet tusken de Harmonie en de Nijstêd. De besteande poadia Asteriks en Romein soene ek yn de nije popseal komme moatte. De gemeenteried wegere yn te stimmen, fanwege in jierliks tekoart fan 140.000 euro.

It is de bedoeling dat der trije sealen yn it nije poppoadium komme foar 150, 300 en 600 minsken. Boeker Jan ten Boom fan De Jouwer wurket al tritich jier mei ferskate bands en artysten troch it hiele lân. Hy hat twifels oft in seal fan seishûndert minsken yn Ljouwert wol fol komt. It beslút foar in nije poppoadium sil nei alle gedachter oer in healjier naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)