Dokters Gordyk by dokterswacht
Fiif húsdokters fan De Gordyk en omkriten slute harren mei yngong fan 1 oktober oan by de Dokterswacht. It giet om de praktiken fan De Gordyk, De Tynje en Langsweagen.
De pasjinten binne mei in brief op 'e hichte brocht. Foar harren hâldt dit yn dat se tenei bûten kantoartiid om nei posten fan de Dokterswacht moatte. Dy posten sitte op It Hearrenfean en yn Drachten.