Undersyk nei dea Poalske man

25 sep 2012 - 12:19

De ryksresjerzje docht ûndersyk nei it ferstjerren fan in Poalske arrestant moandei yn it sikehûs fan Drachten. It Iepenbier Ministearje hat dêr opdracht ta jûn. De ryksresjerzje sil seksje op it lichem dwaan litte om der achter te kommen wat de oarsaak fan it ferstjerren is.

De Poal (31) wie koart nei syn oanhâlding net goed wurden. De plysje pakte him op nei in melding fan húslik geweld oan de Zuiderstraat op It Hearrenfean. De Poal waard mei in plysjebus nei it buro yn Drachten brocht. Under de rit waard de man net goed.

Plysjes begûnen de man te reanimearjen, wêrnei't er mei de ambulânse nei it sikehûs brocht is. Dêr is er ferstoarn. It bart net faak dat de Ryksresjerzje ynskeakele wurdt om in dea te ûndersykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)