Plysje hâldt drugsrydster oan

25 sep 2012 - 11:25

In frou fan 21 jier fan De Harkema is moandeitejûn oanholden yn Drachten. De plysje hie in melding krigen dat de frou al slingerjend yn har auto oer strjitte ried. Se waard oantroffen yn De Vogelzang yn Drachten. Neffens de plysje hie se drugs brûkt.

Op it buro waard de frou net goed, wêrnei't se mei de ambulânse nei it sikehûs brocht waard. De plysje stelt in fierder ûndersyk yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)