Fryslân Culinair wreidet út

Fryslân Culinair hat fjouwer nije leden. It gearwurkingsferbân bestiet no út 14 'bettere' restaurants. De nije leden binne De Jouster Toer op De Jouwer, De Vrijheid yn Grou, Lyf's yn Beetstersweach en Tandjong Priok yn Arum. De restaurants komme yn oanmerking foar it lidmaatskip as se yn op syn minst twa kulinêre gidsen neamd wurde.
Ek moat it bedriuw trije jier bestean en in bân mei Fryslân hawwe. It doel fan it gearwurkingsferbân is om fan inoar te learen en ek om mei-inoar de marketing te dwaan.