Poalske arrestant ferstoarn

25 sep 2012 - 06:45

In 31-jierrige Poalske arrestant is moandeitejûn ferstoarn yn it sikehûs yn Drachten. De man wie koart nei syn oanhâlding net goed wurden. De plysje pakte him op nei in melding fan húslik geweld oan de Zuiderstraat op It Hearrenfean. Neffens de plysje gie de man troch it lint by syn arrestaasje en fersette er him bot. Hy waard nei it buro yn Drachten brocht. Under de rit waard er net goed.

Plysjes begûnen de man te reanimearjen, wêrnei't er mei de ambulânse nei it sikehûs brocht is. Dêr is er stoarn. De Ryksresjerzje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)