Ynfojûnen oer Drachtsterfeart

Drachtsterfeartprojekt
Der wurde dizze wike twa ynformaasjebyienkomsten hâlden oer de planning fan it Drachtsterfeartprojekt. De byienkomsten binne tiisdei- en tongersdeitejûn yn it gemeentehús fan Drachten.
Op de jûnen sille de gemeente, de Wind Groep en oannimmer Van der Wiel útlizze hoe't de Drachtsterfeart fan takom hjerst ôf útgroeven wurde sil en wat de konsekwinsjes dêrfan binne foar de berikberheid fan de buert.