Tsienzerbuorren wol oplossing

De provinsje wol meiwurkje oan in oplossing foar de ûntsluting fan fiif huzen oan de dyk fan Ljouwert nei Snits. De huzen stean ticht op de dyk N354. Bewenners kinne yn de spits it hiem net feilich op of ôf. It leafst wolle se dat der in dyk achter it buorskip oanlein wurdt.
Deputearre Poepjes wie moandei op besite by de bewenners. Se woe mei eigen eagen sjen hoe't de situaasje derhinne leit. Se sei ta meiwurkje te wollen oan in oplossing foar de dyk, mar dat de steaten dêr wol jild foar beskiber stelle moatte.
De bewenners sille sels ek om tafel moatte mei ien fan de grûneigeners om him derfan te oertsjûgjen de grûn ôf te stean foar de oanlis fan de dyk.