Wer winst Jong Hearrenfean

24 sep 2012 - 21:17

Jong Hearrenfean bliuwt op it oerwinningspaad. Moandeitejûn waard de útwedstriid tsjin Jong AZ mei 4-1 wûn. Fan it begjin ôf wiene de Feansters better, mar de goals foelen earst yn de twadde helte. Hakim Ziyech bruts nei in goed oere mei in poeier de skoare iepen. Matthew Amoah ferdûbele de marzje. Mikhail Rosheuvel die foar Jong AZ wat werom, mar Luciano Slagveer en opnij Hakim Ziyech soargen yn de stoarm foar de dik fertsjinne 4-1 winst. Koprinner Jong Hearrenfean hat no fiif kear wûn en ien kear lyk spile. 

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)