Tsjerken ien foar ienheid

Tûzenen kristenen geane op 6 oktober nei it Malieveld yn Den Haach om op te kommen foar ienheid yn de tsjerke. De byienkomst is opsetten troch alle grutte kristlike streamingen yn Nederlân. Ien fan de inisjatyfnimmers is biskop Gerard de Korte fan it Bisdom Ljouwert-Grins.
Op de byienkomst draait it om de oerienkomsten tusken alle kristlike streamingen, mar neffens De Korte wurde de ferskillen net fergetten. Oant no ta binne der 1500 oanmeldings, mar de ferwachting is dat der noch folle mear minsken komme.