De wolven komme deroan

24 sep 2012 - 18:26

De wolf liket nei 300 jier werom te kommen yn ús lân. Yn Frankryk en Noard-Dútslân komme se al wer foar yn it wyld. Ferskate natuerorganisaasjes yn Nederlân binne al dwaande mei de komst fan de wolf.

Yn Fryslân is it Fochtelerfean in tige geskikt plak foar in roedel wolven. Feehâlders hoege net benaud te wêzen foar de wolven. Skiep of geiten foarmje mar 2% fan it menu fan wolven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)