Gjin krisis by SC Hearrenfean

24 sep 2012 - 16:41
  • SC Hearrenfean

Der is gjin krisis by Sportklup Hearrenfean. Dat seit direkteur Robert Veenstra. Sportyf giet it net sa bêst, mar de klup is finansjeel wer sûn. Oant no ta draait Hearrenfean in ûngelokkich seizoen. Sa waard de klup al betiid útskeakele yn de Europa League. Yn de Nederlânske kompetysje wist Hearrenfean noch gjin wedstriid te winnen en stiet it op it 16e plak yn 'e earedivyzje. It ôfrûne jier moast der ek nochris flink besunige wurde fanwege minder sponsorynkomsten en in weromrinnende kaartferkeap. Mar stapke foar stapke giet it wer better.

Sportyf sjoen is de hoop fêstige op Marco Pappa út Guatamala. De ynternasjonal út Guatamala trainde moandei foar it earst mei mei de seleksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)